Begjin fytspaad Grou-Warten

28 feb 2011 - 09:57
  • De gefaarlike dyk troch it Leechlân

Tusken Grou en Warten is moandei in begjin makke mei it oanlizzen fan it nije fytspaad. De deputearren Adema en Galema fytsten mei de pleatselike belangen al in stikje fan de rûte. Wethâlder Jager fan Boarnsterhim kaam út Grou wei fytsen.

It fytspaad moat de rûte foar skoalbern feiliger meitsje. Alden fan de bern strieden jierrenlang foar it fytspaad, mar troch jildkrapte koe de gemeente it net oanlizze. De provinsje is no lang om let te help sketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)