Begjin EK Olympiajol ôflast

19 aug 2004 - 18:28

De wedstriden foar it Europeesk Kampioenskip silen foar Olympiajollen op 'e Tsjûkemar binne tongersdei ôflast fanwege de hurde wyn en buiten. It kampioenskip, dat oant en mei snein duorret, soe tongersdei útein sette.

De wedstriidleiding fûn it te riskant om de boaten yn it ûnlijige waar it wetter op te stjoeren. De organisaasje hopet de kommende dagen de oprûne efterstân yn it skema wer ynrinne te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)