Begjin de dei goed, yt in sûn moarnsbrochje

10 nov 2015 - 08:15

Sûn ite moarns betiid. Dogge jo dat wol? De learlingen fan basisskoalle 't Oegh út Muntsjesyl krije tiisdei it goede foarbyld. Sy binne dan op it gemeentehûs fan Kollumerlân. Dêr ite se mei de boargemaster en wethâlders. De gemeente docht dat yn it ramt fan de wike fan it Nasjonaal Skoalontbijt. It is dizze wike de trettjinde edysje fan de aksje wêrmei't omtinken frege wurdt foar in sûn moarnsbrochje.

It kolleezje fan Kollumerlân betellet foar it moarnsbrochje mei in donaasje oan de LINDA.foundation.

Dat is dit jier it goede doel fan it Nasjonaal Skoalontbijt. Dizze stichting jout alle jierren yn desimber goed 2000 earme gesinnen yn Nederlân kadokaarten, wêrmei't se bygelyks klean en boadskippen keapje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)