Begjin brân op 'e Gordyk

16 jan 2006 - 13:44

It bedriuw De Vries Kozijnen op 'e Gordyk hat fan it wykein in soad wurk hân fan in begjinnende brân, dy wie sneontejûn ûntstien yn de opslach fan seachsel. De brânwacht is ynset om de omjouwing wiet te hâlden en sa foar te kommen dat de broei him útwreidzje soe.

Meiwurkers fan it bedriuw hawwe de rest fan it wykein dwaande west de boel op te rêden. It bedriuw hat gjin slimme skea ûnderfûn en draait no wer gewoan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)