Begjin bou Fonejachtbrêge súd

23 mrt 2006 - 11:39

Yn de Wâldwei is woansdei út ein set mei de bou fan it súdlike part fan 'e Fonejachtbrêge. It duorret noch mear as in jier foar't it ferkear der del kin. De oanlis fan de brêge is ûnderdiel fan de ferdûbeling fan de dyk Ljouwert-Drachten. De nije brêge wurdt goed in meter heger as de âlde.

De noardlike brêge is sûnt novimber ferline jier yn gebrûk. Yn 2008 moat de ferdûbeling fan de Wâldwei klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)