Begelieding foar drop-outs

18 nov 2004 - 17:32

139 VMBO-learlingen yn súdwest-Fryslân hawwe ôfrûne simmer spesjale begeleiding krigen om't se drigen mei skoalle op te hâlden. In relatyf grutte groep jongeren ferlit de skoalbanken definityf nei it VMBO en komt dan ferfolgens by de learplichtamtner út.

Yn súdwest-Fryslân is in previnsje- projekt opset dat de jongeren langer op skoalle hâlde moat. Yn totaal binne 1000 bern besjoen en krigen 139 de begelieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)