Befrijingsfjoer ûnderweis nei Fryslân

05 maaie 2015 - 07:29
  • De rinners stean klear by it oanstekken fan it befrijingsfjoer

Hurdrinners fan atletykferiening Impala fan Drachten bringe tiisdei foar it earst it befrijingsfjoer nei har wenplak. Neffens tradysje wurdt dat fjoer yn de nacht fan 4 op 5 maaie yn Wageningen ûntstutsen en dêrnei it hiele lân troch brocht. De seis leden fan Impala dy't fanút Wageningen dizze kant oprinne, wurde tsjin tolven op 'e Gordyk ferwachte, om healwei twaen yn Beetstersweach en om twa oere yn Drachten.

Hurdrinners út Ljouwert bringe al folle langer it befrijingsfjoer nei har wenplak.

De rinners fan Impala rinne elk sa'n 30 kilometer, ferdield yn stikken fan fiif kilometer. Se wurde op har tocht begelaat troch trije fytsers. Ek hurdrinners út Ljouwert, Snits en Warkum binne mei it befrijingsfjoer ûnderweis nei harren wenplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)