Befrijingsfjoer is oanstutsen

05 maaie 2014 - 14:29
  • Crone stekt befrijingsfjoer oan, foto fan 2014

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat op befrijingsdei om 13.00 oere it befrijingsfjoer oanstutsen. Hurdrinners fan atletykferiening Lionitas en Loopgroep Leeuwarden ha yn estafettefoarm de fakkel fan Wageningen nei Ljouwert rûn. It fjoer is oanbean troch hurdrinner Wim Eisenga. Hy is 73 jier en hat de oarloch meimakke as jonkje. Dêrnei gie it befrijingsfestival los op de Grienewei, yn de Prinsetún en op it Aldehoustertsjerkhôf. Der is muzyk en der binne kreamkes en kreative aktiviteiten. Omrop Fryslân hat in Noardewynpoadium mei live-muzyk.

Tsien kandidaten dogge mei oan Liet, dat om 17.00 oere op befrijingsdei yn Ljouwert hâlden wurdt. De winner fan dit sjongfestival foar minderheidstalen sil Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International dat yn desimber yn Oldenburg hâlden wurdt. De gadingmakkers binne: Bruno Rummler, Gallery, Gerben Boots, Jan Dirk van der Meulen, Lammy Bruyns, Makkumer Blues Brothers, Sietze en Janke Trientsje, Vangrail en Weima & Van der Werf en Temear. Der is in faksjuery en in publykspriis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)