Befrijingsfestival rêstiger

05 maaie 2012 - 17:29

It Befrijingsfestival yn Ljouwert ferrint oant no ta rêstich en yn in goede sfear. Neffens de plysje hawwe der oant no ta gjin ynsidinten west. Mooglik is it troch it wat koelere waar rêstiger yn de stêd as ferline jier. Op drokke kuierrûtes lykas de Lytse Tsjerkstrjitte tusken it sintrum en it Aldehoustertsjerkhôf is der noch goed troch de kommen.

It Befrijingsfestival duorret noch oant kertier oer alven jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)