Befrijingsfestival iepene

05 maaie 2010 - 13:07
  • Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert hat woansdei om kertier foar ienen it befrijingsfestival iepene mei it ûntstekken fan it fjoer. Dat fjoer is ôfkomstich út Wageningen. Fryske hurdrinners hawwe it mei fakkels nei Ljouwert ta brocht.

De moarns wie der in gearkomste yn 'e Grutte Tsjerke mei skriuwer Jan Terlouw fan it boek 'Oorlogswinter'. Der wiene ek skoalbern by dy't mei âlde oarlochsweinen fan Keep them Rolling brocht wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)