Befrijingsdei yn Fryslân

15 apr 2015 - 09:00
  • Kanadeeske flagge yn de Ljouwerter Steijnstrjitte

It is woansdei op de kop ôf santich jier lyn, dat Ljouwert troch de Royal Canadian Dragoons befrijd waard. Om dy reden is 15 april yn Fryslân befrijingsdei. Dêr wurdt yn Ljouwert wiidweidich by stilstien. Yn it Histoarysk Sintrum (HCL) is in útstalling oer Ljouwert yn de jierren 1940-1945 en wurdt oer dat ûnderwerp in boek presintearre. Mei de befrijing fan Ljouwert wie noch net de hiele provinsje frij fan de Dútsers. Doarpen yn de buurt fan de kop fan de Ofslútdyk waarden net earder as op 18 april befrijd.

Omrop Fryslân hat fan 'e wike omtinken foar de befrijing fan Fryslân, no 70 jier lyn. Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie woansdeitemoarn yn Aldeboarn, dêr't op 15 april 1945 de boargemaster troch de Dútsers deasketten waard. Henk Loojienga, de direkteur fan kristlike basisskoalle De Finne yn Aldeboarn, fertelde hjir oer. Syn skoalle hat it oarlochsmonumint foar de boargemaster adoptearre. Tongersdei yn Fryslân fan'e moarn is der omtinken foar de befrijing fan Harns en Penjum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)