Befrijingsdei op Skier

11 jun 2010 - 15:18
  • It nije boek oer de oarloch op Skiermûntseach
  • Barak op Skiermûntseach yn oarlochstiid

Skiermûntseach fiert freed befrijingsdei. Want pas op 11 juny 1945 joegen de Dútsers op it eilân harren as lêsten oer, mear as in moanne neidat op 5 maaie yn de rest fan it lân de flagge út koe.

Boargemaster Swart iepene it feest freedtemoarn op de basisskoalle. Alderen fertelden de bern oer de oarlochstiid. Yn it bunkermuseum is in fototentoanstelling oer de oarloch te sjen en der is ek in boek makke oer de oarloch op Skier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)