Befrijing Skiermûntseach wurdt tongersdei betocht

11 jun 2015 - 11:40
  • De flage fan Skiermûntseach

Op Skiermûtseach wurdt tongersdei de befrijing betocht. It is op de dei ôf 70 jier lyn dat it Waadeilân befrijd waard. De Dútse soldaten binne doedestiids mei in ferlechje fan it eilân ôfhelle. De soldaten tochten dat se werombrocht wurde soene nei Dútslân, mar waarden yn wurklikheid nei de finzenis fan Sâltkamp brocht.

Op Skier is tongersdei in defilee en in speurtocht om de befrijing te betinken. Der wiene yn de oarloch in soad Dútsers op it eilân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)