Befolkingsregisters Kollumerlân op op AlleFriezen.nl

13 feb 2015 - 10:05

De befolkingsregisters fan Kollumerlân stean sûnt tongersdei op ynternet. Boargemaster Bearn Bilker iepene it online register yn it gemeentehûs yn Kollum. Goed njoggen moanne lang wurke in groep fan mear as 500 frijwilligers oan it online register. Alle 16.000 scans fan de gegevens waarden ynfierd, sadat no digitaal socht wurde kin op goed 100.000 nammen yn it register.

Boargemaster Bilker joech op 23 april ferline jier it startsein foar it digitalisearjen fan it befolkingsregister. De online ferzje is te besjen op AlleFriezen.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)