Befolkingsregister fan Baarderadiel online beskikber

17 aug 2015 - 11:26

It befolkingsregister fan de eardere gemeente Baarderadiel komt freed online. Yn MFC De Wjukken yn Mantgum wurdt de ynformaasje taheakke oan de webside www.allefriezen.nl. Dit is in site dy't yn behear is fan hast alle Fryske gemeenten, de provinsje, Tresoar en de Freonen fan argiven yn Fryslân. Doel is dat besikers fergees sykje kinne nei ynformaasje oer foarâlders. Dit barde earder mei iepenbiere akten fan de boargerlike stân, mar de registers fan gemeenten wurde digitalisearre. Yn Mantgum wurdt dit freed dien foar Baarderadiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)