Befolking betellet nije scanner

15 nov 2004 - 17:46

Sikehûs Talma Sionsberg yn Dokkum krijt in nije MRI-scanner. Bysûnder dêroan is dat de befolking fan Noard-East Fryslân him betelle hat. It is foar it earst yn Nederlân dat in jildaksje der foar soarget dat in sikehûs in grut medysk apparaat oanskaffe kin.

It sikehûs koe de MRI-scanner sels net betelje, dêrom waard yn jannewaris mei in aksje út ein set. Oant no ta is mear as fjouwer ton sammele, genôch om de scanner sneon presintearje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)