Beferzen biten wol nei fabryk

27 des 2010 - 17:11

De hege sûkerpriis hat de Fryske biteboeren dit jier rêden. Troch de lange froastperioade rekken in soad biten beferzen. Oare jierren waarden dy biten fuortsmiten om't it fabryk se net hawwe woe. It is dreech en kostber om sûker te heljen út beferzen biten.

Troch de strange froast fan dit jier soe dat betsjutte dat in grut part fan de rispinge ferlern gean soe. Troch de hege priis fan sûker kin it no foar it fabryk wol út om ek de beferzen biten op te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)