Befeiligje mei konteners

23 jul 2009 - 06:28

It kostet minder befeiligers en by in driigjende sitewaasje kin rapper yngrepen wurde. Dat moat de nije útfining fan befeiligingsbedriuw Schaaf opsmite. Yn gearwurking mei in kommunikaasjeburo is der in kamerasysteem betocht dat op ôfstân grutte eveminten yn 'e gaten hâldt.

Op in mobile kontener steane ferskate kamera's dy't pas oanspringe wannear't der problemen ûntstean. Op de Ballonfeesten fan De Jouwer waard it systeem foar it earst úttesten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)