Befeiligingskamera's net feilich: bûtenwrâld sjocht mei

20 nov 2014 - 15:32
  • Befeiligingskamera

In soad befeiligingskamera's by minsken thús binne noch altyd net goed befeilige. Minsken fan bûten kinne sûnder in soad muoite ynbrekke op de kamera en meisjen. In Russyske webside hat alle iepensteande kamera's registrearre en op in ynternetside set.

Yn Nederlân giet it om 1576 gefallen. Yn alle gefallen stean fjouwer kamera's dêrfan yn Fryslân: yn Sint Nyk, De Jouwer, Drachten en Wolvegea. Op dy webcams is te sjen oft de auto by hûs stiet of is de tún te sjen. Fia oare kamera's binne ledikantsjes mei sliepende poppen te sjen.

At van der Meer fan ICT-bedriuw Snakeware út Snits fynt dat leveransiers fan befeiligingskamera's harren ferantwurdlikheid nimme moatte en better ynsette moatte op de privacy en feilichheid fan harren klanten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)