Befeiliging op boerepleats

05 des 2011 - 12:49
  • Befeiligingskamera's

Befeiligingsbedriuw Schaaf fan Twellingea besiket nije merken oan te boarjen foar it brûken fan kameratafersjoch. Dizze wike wurde by wize fan proef kamera's op in pleats ynstallearre.

De boer kin oer ynternet meisjen wat der bart, net allinnich om stellerij en ynbraken foar te kommen. Sa komt der in kamera dêr't de boer mei sjen kin oft de melkrobot steuring hat en ien dy't it kealjen yn de gaten hâldt. In tredde kamera komt by de tank mei reade diesel te stean, omdat dêr wolris út stellen wurdt. As it goed wurket, tinkt it befeiligingsbedriuw mear boeren sa fier te krijen dat se kamera's ophingje. It bedriuw sjocht ek nei legere skoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)