Befeiliging foar museum Lemmer

17 okt 2003 - 00:00

It Lemster museum de Fiifgea yn it eardere gemeentehûs op de Lemmer sil befeilige wurde. De gemeente Lemsterlân is fan doel hjir rûchwei 20.000 euro foar beskikber te stellen.

It bestjoer fan it museum makket him al jierren soargen oer de feiligens fan de kolleksje yn it histoaryske pân. It giet dan benammen om de brânfeilichheid en it gefaar foar stellerij. As de wearde fan de kolleksje grut genôch is, stelt de gemeente jild beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)