'Befeiligers Balk net nedich'

03 apr 2010 - 13:55

De hoareka yn Balk is net bliid mei de ekstra befeiliging yn de wykeinen. De gemeente Gaasterlân-Sleat hiert de hiele simmer twa befeiligers yn dy't sneons troch de gemeente ride. De klam leit foaral op it útgeanslibben yn Balk. Doel is om it drank en drugsgebrûk oan te pakken.

De hoareka-ûndernimmers fine ekstra befeiliging net nedich en binne benaud dat it imago fan Balk skeind wurdt. Ek de kosten fan goed 16.000 euro is te folle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)