Befeiliger mishannele by feest

12 jul 2009 - 15:34

Twa manlju (31 en 46 jier) út Kampen en in ynwenner (25) fan De Lemmer binne yn de nacht fan sneon op snein oanholden foar it mishanneljen fan in befeiliger. De mishanneling barde op it feestterrein oan de Sânnen yn Droegeham by in muzykfestival.

De man mocht net mei in glês drank de VIP-rûmte ferlitte, mar die dat dochs. Hy waard troch de befeiliger fan it terrein ferwidere. Hy krige selskip fan de oare fertochten en sloech de befeiliger yn it gesicht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)