Befallings moatte better

22 jan 2010 - 14:10

Fryske soarchferlieners tinke dat dat net helber is om yn alle sikehuzen in medysk team klear stean te hawwen foar befallingen. Minister Klink fan Folkssûnens wol dat om't Nederlân it trije nei heechste stjertesifer fan Europa hat.

Tsien op 'e 1000 poppen stjerre by in befalling. Yn Fryslân is dat sels tolve op de tûzen. Om dat te beheinen moat altyd daliks medyske help bean wurde kinne, fynt de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)