Beetstersweach ferwachtet folk

04 jan 2007 - 17:39

De VVV Beetstersweach ferwachtet dat de publisiteit om 'e formaasjebesprekken yn it doarp hinne ekstra toeristen lûke sil. CDA, PvdA en ChristenUnie prate yn it Koetshûs fan Lauswolt mei-inoar.

Pleatslik ûndernimmer Henk_Vlasma dielt VVV-folders fanút syn winkel wei út. Hy hie al folle earder troch dat der wat geande wie op Lauswolt. Vlasma is ûnder de yndruk fan de publisiteit dy't de besprekken opsmite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)