Beerens net mei nei Rotterdam

26 sep 2009 - 12:44
  • Roy Beerens (foto: Dirk Jan Haarsma)

Roy Beerens reizget snein net mei de Hearrenfean seleksje mei foar de kompetysjewedstriid tsjin Sparta. De rjochteroanfaller hat noch tefolle hinder fan syn ljiskblessuere dy't hy woansdei oprûn yn it bekerduel tsjin SDC Putten. Michael Dingsdag keart nei in skorsing werom yn de basis.

Hearrenfean hat dit seizoen noch gjin punt pakt yn in útwedstriid. As de ploech fan Sparta ferliest dan is dat in evenaring fan in negatyf kluprekord: 5 kear ferlies op riige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)