Beerens net, Henrique boete

20 okt 2009 - 15:17
  • Roy Beerens is noch net fit

Roy Beerens reizget woansdei net mei Hearrenfean nei Berlyn. De oanfaller hat noch altyd lêst fan 'e ljisk en kin dêrom net spylje yn de Europa League tsjin Hertha BSC. Mika Väyrynen sit wol by de groep nei Dútslân. Hy kin noch net spylje, mar wol traine.

Paulo Henrique hat fan de klup in fikse boete krigen. De Braziliaan kaam te let werom út syn heitelân en wie der dêrom sneon net by yn de wedstriid tsjin PSV. De saak is útpraat mei in ekskús fan Paulo Henrique en in boete.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)