Beerens en Roorda net yn aksje

04 feb 2008 - 09:25
  • Geert-Arend Roorda hat lêst fan 'e knibbel (foto Martin de Jong)
  • Pranjic en Sulejmani lokwinskje Roy Beerens mei syn goal (foto Martin de Jong)

Roy Beerens en Geert Arend Roorda hawwe ôfsein foar de freonskiplike oefenynterlân fan it Olympysk alvetal fan bûnscoach Foppe de Haan tsjin Itaalje. Beerens is siik, Roorda hat lêst fan de knibbel. Ek trije spilers fan PSV hawwe ôfsein.

Gianni Zuiverloon, Henrico Drost en Calvin Jong-A-Pin binne wol fan de partij yn de seleksje fan Foppe de Haan. De wedstriid wurdt tiisdeitejûn spile yn it Italjaanske Ferrara.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)