Bedriuwsûngelok yn Wâldsein

21 okt 2010 - 10:08

In Berltsumer (29) is woansdei ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok oan de Vosseleane yn Wâldsein. It slachtoffer wie dwaande mei in mal fan in polyester boat. Dy hong yn de takels op 2,5 meter hichte. Troch noch ûnbekende oarsaak foel de mal ynienen boppe op de man. Hy rekke ferwûne oan 'e rêch en oan 'e skonken.

It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht. De arbeidsynspeksje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)