Bedriuwsûngelok op pleats

05 nov 2008 - 10:14

In 36-jierrige bewenner fan in pleats yn Ravenswâld is tiisdei ferwûne rekke nei't er by it wurk op de pleats ûnder in betonplaat telâne kaam. Meiwurkers wiene dwaande om inkele betonplaten fan twa by oardel meter te ferpleatsen mei in shovel. Ien fan de platen klapte om en foel op in skonk fan de bewenner.

De man is mei in brutsen foet nei it sikehûs fan Assen oerbrocht. De arbeidsynspeksje is op de hichte brocht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)