Bedriuwsûngefal yn Snits

17 maaie 2008 - 13:05

By in bedriuw oan de Zeilmakkerstrjitte yn Snits is freedtemiddei in 19-jierrige ynwenner út Amersfoort ferwûne rekke. It slachtoffer wie mei help fan in heftruck in frachtwein oan it lossen.

By it optillen fan de fracht is nei alle gedachten koartsluting ûntstien. De man út Amersfoort kaam ûnder stroom te stean en rekke út de tiid. It slachtoffer is foar kontrôle oerbrocht nei it sikehûs. De arbeidsynspeksje docht neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)