Bedriuwsauto's iepenbrutsen

24 okt 2012 - 10:30
  • De Diken yn Boalsert

Yn Boalsert binne moandeitenacht trije autodieven út Litouwen oanhâlden. In tsjûge seach dat de manlju bedriuwsauto's op De Slachte iepenbrutsen en warskôge de plysje. Om't de tsjûge in goed sinjalemint fan de ynbrekkers en harren auto trochjoech, koe de plysje it trio efkes letter op De Diken oanhâlde.

Yn de auto fan 'e Litouwers fûn de plysje trije stellen kisten mei ark. De fertochten sitte fêst. Harren auto is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)