Bedriuweterrein gjin konkurrint

18 jan 2004 - 00:00

De oanlis fan ien fan de grutste bedriuweterreinen yn Europa deunby Almere, sil net al te folle konkurrinsje opsmite foar it Ynternasjonaal Business Park, IBF, op It Hearrenfean. Dat tinkt wethâlder Bouwers fan It Hearrenfean.

De gemeenten Almere en Zeewolde binne fan doel binnen no en tritich jier in 650 bunder grut bedriuweterrein oan te lizzen yn de polder. Dat moat benammen ûndernimmers út de Rânestêd oanlûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)