Bedriuweterrein Flylân opromje

15 jun 2009 - 11:53

It bedriuweterrein op Flylân sjocht der te rommelich út en moat better opromme wurde. Dat fynt de gemeente. Dy hat der in gesprek oer hân mei ûndernimmers. Der binne ek brieven stjoerd om se der ta oan te setten de boel kreas te hâlden.

Yn de bermen stean no oanhingweinen en pallets mei ûnder oaren stiennen en dy moatte fuort fan de gemeente. Dy sil de belutsen ûndernimmers der op 'e nij op oansprekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)