Bedriuwesintrum Emmastate yn Ljouwert feestlik iepene

23 jan 2015 - 16:59
  • Tjalling Rollema en wethâlder Isabelle Diks by de offisjele iepening

Wethâlder Isabella Diks iepene freedtemiddei it bedriuwesintrum Emmastate oan de Emmakade yn Ljouwert. It bedriuwesintrum is by in soad Ljouwerters better bekend as it âlde PEB-gebou, dêr't it Provinsjaal Elektrisiteits Bedriuw jierrenlang yn siet.

Trije jier lyn waard it gebou kocht troch ûndernimmer Tjalling Rollema, dy't der in bedriuwesintrum fan makke. Mar leafst 85 lytse en grutte bedriuwen en in Grand Café sitte yntusken yn it gebou. Boppedat binne der fleksplakken foar ûndernimmers en wurde der fergaderromten ferhierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)