Bedriuwesintrum De Fabriek foarsjocht yn ferlet

05 okt 2015 - 09:55
  • Bedriuwsammelgebou De Fabriek yn Ljouwert
  • De Fabriek hat ek in eigen hoarekafoarsjenning
  • Geart van der Zee hiert ek romte yn De Fabriek

Bedriuwesintrum 'De Fabriek' yn Ljouwert wurdt freed troch wethâlder Henk Deinum offisjeel iepene. It eardere gebou fan de sosjale wurkfoarsjenning is folslein opknapt en ree makke foar sa'n tritich bedriuwen dy't der no ûnderdak hawwe. It gebou is oardel jier lyn opkocht troch eigener Jaap Hoekstra. Dy woe ûndernimmers ûnder ien dak bringe omdat se inoar sa fersterkje kinne.

Yn De Fabriek sitte ûnder oare in kapsalon, in film- en fotografy-studio, in bedriuw dat skateboards makket, it Reade Krús en in fysioterapeut.

Der kinne ek gearkomsteromtes hierd wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)