Bedriuwen yn libbensmiddelssektor iepenje de doarren

02 nov 2015 - 15:19

Fan moandei ôf goaie guon noardlike bedriuwen út de libbensmiddelssektor harren doarren iepen. Dat is yn it ramt fan de 'Week van de Levensmiddelenindustrie'. Deputearre Sander de Rouwe joech mei skoalbern fan it Marne College yn Boalsert, it startskot foar de wike. It doel dêrfan is om jongerein entûsjast te meitsjen foar it wurk yn de technyske libbensmiddelssektor.

Neffens Philip den Ouden, foarsitter fan de Federatie Nederlandse Levensmiddelenindustrie (FNLI), komme der elk jier 1.600 banen beskikber foar nije minsken.

As dy op de lange termyn net ynfolle wurde, dan kin dat neffens Den Ouden foar problemen soargje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)