Bedriuwen sjogge by elkoar

11 nov 2010 - 17:06

Bedriuwen kinne in soad fanelkoar leare as se ris in dei byelkoar yn it bedriuw sjogge. De Stenden Hegeskoalle organissearret dêrom mei ûnder oaren de Keamer fan Keaphannel de Slimme Werken Week.

In hûndert meiwurkers fan bedriuwen út Noard-Nederlân wikselje dizze wike in kear fan wurkplak om derachter te kommen wat allegear better kin by har eigen bedriuw. Sa ruilen yn Fryslân tongersdei skildersbedriuw Van der Geest mei soarchynstelling Aldlânstate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)