Bedriuwen nei Sina noege

23 mrt 2010 - 16:50

Bedriuwen út Ljouwert en ek út de rest fan Fryslân binne útnoege om nei Sina ôf te reizgjen om dêr de stêd Liyang te helpen. Dêr wenje sa'n seishûnderdtûzen minsken en it wurdt hieltyd dreger om dy minsken genôch enerzjy en skjin wetter te leverjen.

De oplossings fan de Fryske bedriuwen binne prominint yn byld kaam nei in wurkbesite fan in grutte delegaasje út de Sineeske stêd moandei oan Ljouwert. De Sineeske delegaasje wie optein oer dy oplossings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)