Bedriuwen ha skea fan Wilders

15 feb 2012 - 12:55

It Fryske bedriuwslibben hat skea fan de útlittings fan PVV-lieder Geert Wilders oer East-Europeanen. In protte Fryske bedriuwen dogge hannel mei Poalen. It PVV-meldpunt oer East-Europeanen soarget foar in min imago. Dat ûnderfynt ek Sybren van der Zwaag, direkteur fan suvelbedriuw The Friesian yn Ljouwert.

Ek al docht hy op dit stuit gjin hannel mei Poalen, fan in soartgelikense affêre mei Turkije hat syn bedriuw in soad lêst hân, sa seit Van der Zwaag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)