Bedriuwen en ûnderwiis keppelje

01 feb 2006 - 13:47

De Keamer fan Keaphannel wol mei in spesjale aksje it Fryske bedriuwslibben en it ûnderwiis tichter by inoar bringe. Acht direkteuren fan Fryske bedriuwen en acht fertsjintwurdigers fan de MBO-skoallen Friese Poort en Friesland College sille yn keppels fan twa by inoar yn de keuken sjen. Fan wjerskanten sil der staazje by inoar rûn wurde.

It doel fan dy staazje is om mear begryp foar inoars winsken te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)