Bedriuwen en organisaasjes ruilje tsjinsten op beursflier

24 aug 2015 - 16:06

Yn Ljouwert wurdt takom moanne in maatskiplike beursflier hâlden. Maatskipklike organisaasjes en bedriuwen dy't wat dwaan wolle foar de Ljouwerter mienskip kinne elkoar dêr treffe en prate oer wat se mei-inoar dwaan kinne. Der komt gjin echt jild by sa'n beurshannel, mar neffens saakkundigen smyt it wol in soad op. Op sawat santich plakken yn Nederlân wurde al sokke ruilhannels hâlden.

Op de earste maatskiplike beursflier yn Ljouwert sille yn alle gefallen wethâlder Ekhart en helporganisaasje Fier mei-elkoar ûnderhannelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)