Bedriuwen en Fryske oerheid wurkje oan sirkulêre ekonomy

26 feb 2016 - 17:31

Bedriuwen en oerheidsynstellingen dy't gearwurkje om ôffalstoffen om te setten yn grûnstoffen en produkten. Mei dat doel is freed yn Akkrum de Vereniging Circulair Fryslân oprjochte. In soad bedriuwen tinke no al nei oer de sirkulêre ekonomy en hoe't se dêr oan meidwaan kinne. Mar it giet lang net altyd hurd genôch.

De nije feriening is bedoeld om de feart deryn te bringen. De dielnimmers binne der fan oertsjûge dat wergebrûk fan ôffal net allinnich goed is foar it miljeu, mar ek jild opsmyt.

Tritich bedriuwen

Op it stuit dogge al sa'n tritich bedriuwen en ynstellings mei oan de nije feriening, mar der kinne neffens bestjoerslid Anja Kanters noch in soad mear by. Direkteur fan Urgenda, Marjan Minnesma, neamt Fryslân sels in foarbyld foar de rêst fan Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)