Bedriuwen Drachten ûntromme fanwege 'gaslek' De Hemmen

25 aug 2015 - 11:24
  • Liander gie fuortendaliks op syk nei it gaslek
  • It terrein fan Van Gansewinkel

Oan de Hemmen yn Drachten binne tiisdeitemoarn twa bedriuwen ûntromme yn ferbân mei in sterke gaslucht by it ôffalbedriuw Van Gansewinkel. De brânwacht waard oproppen om it lek te sykjen. By ûndersyk die bliken dat it net om in gaslek gie, mar om de fersprieding fan it stofke odorant. Dat wurdt gewoanwei tahekke oan gas om it in geur te jaan.

Oarsaak fan de opskuor wie in tank dy't skjinspuite wie by Van Gansewinkel en ferfolgens net fernietige is. Dêrtroch is it stofke odorant frijkaam en dat soarge foar de gaslucht.

Van Gansewinkel hat oanjûn dat se in flater makke ha by de proseduere fan it skjinmeitsjen fan de tank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)