Bedriuwen bouwe mei oan NAVOtank

21 feb 2003 - 00:00

Trije bedriuwen út Ljouwert wurkje mei oan de ûntwikkeling fan in nije tank foar de NAVO. Technologykonsern Stork hat opdracht jûn foar it meitsjen fan ûnderdielen foar it pantserfoertúch Boxer. Oan de ûntwikkeling dogge ek Ingelske en Dútske bedriuwen mei.

Karrosserybouwer Visser rjochtet it ynterieur yn, wylst Oreel ferantwurdlik wurdt foar alle befeiligingssystemen. Profile Tyrecenter levert de tsjillen. De oarder soarget foar 10 ekstra banen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)