Bedriuw wol tolheffing ûntrinne

24 nov 2004 - 12:46

Transportbedriuw Boonstra yn Haulerwyk ûndersiket de mooglikheid om tolheffing op de Dútse diken te ûntrinnen. It bedriuw tinkt deroer frachtauto's mei de trein te ferfieren. It Dútse kabinet wol mooglik takom jier tol heffe.

Boonstra rydt alle wiken mei sa'n 20 frachtweinen nei Itaalje. Per rit soe 84 euro oan tol betelle wurde moatte. It bedriuw omsylt al tolheffing yn Switserlân, troch dêr frachtweinen op de trein te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)