Bedriuw oan studint keppele

12 feb 2004 - 00:00

Studinten en bedriuwen yn it Noarden oan elkoar keppelje, sadat beide der better fan wurde. Dat hâldt it projekt 'Meester en Gezel' yn. It is in inisjatyf fan it Adviescollege voor de Markt.

Doel is dat studinten troch it projekt it ûndernimmerskip leare. Bedriuwen kinne de kennis fan de studinten brûke om te fernijen. De Friesland Bank is ien fan de 'meesters' dy't 'gezellen' de kâns jout it fak te learen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)