'Bedriuw min foar wurknimmers'

11 sep 2013 - 17:09

Taxi Witteveen fan De Lemmer is min foar de wurknimmers. Neffens fakbûn FNV wurdt de cao net neilibbe, wurde oeren net útbetelle en moat ek de administraasje op eigen kosten dien wurde. De sjauffeurs komme net yn aksje om't se benaud binne har baan te ferliezen.

Neffens FNV-bestjoerder Beuzenberg moatte de opdrachtjouwers, faak gemeenten, it bedriuw folle stranger kontrolearje om te sjen oft de cao-ôfspraken neilibbe wurde. De direksje fan Taxi Witteveen wie net berikber foar kommentaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)