Bedriuw Ljouwert slút kontrakt

09 jul 2007 - 13:23

It ministearje fan finansjes hat it Ljouwerter ICT- en telekombedriuw Cenned útkeazen foar it ûnderhâld en behear fan har kommunikaasjesysteem. It kontrakt tusken it ministearje en Cenned sil foarearst foar twa jier wêze.

Cenned hie fia in Europeeske oanbesteging ynskreaun op it wurk. It bedriuw krijt it wurk om't it fleksibel en profesjoneel oan de stelde easken foldocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)