Bedriuw freget útstel ûntromjen

12 feb 2001 - 16:43

It banneferwurkingsbedriuw Banden Recycling Nederland, BRN, yn Ljouwert wol dat de provinsje in pear moanne wachtet mei it ûntromjen fan it bedriuw. Der soene yntusken brângongen oanlein wêze en nije masines oanskaft foar it better fersnipperjen fan bannen.

De provinsje wol bestjoerstwang tapasse omdat der fierste folle ôffal op it terrein leit neffens de fergunning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)